Atsma út de skroeven oer Fryske Eneco Tour

10 aug 2015 - 20:09

"Dit moat in tradysje wurde." Dat sei Joop Atsma nei de etappe fan moandei fan de Eneco Tour mei start en finish yn Boalsert. Nei njoggen jier kaam de rittekoers werris nei Fryslân en neffens de organisaasje wie it in grut sukses. Koersdirekteur Rob Discart sei sels al ta dat de kommende trije jier de koers nei Fryslân ta komme moat.

Joop Atsma wie it dêr fansels hielendal mei iens as lid fan it pleatslik organisaasjekomitee. Atsma wie bliid oer de earste koersdei: in soad publyk en ek de koereurs wiene optein oer it parkoers.

De organisaasje wie earst noch benaud foar ûnfoldwaande hichteferskillen yn Fryslân, mar tanksij Gaasterlân en it Reaklif waard ek yn dat ferlet foarsjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)