Dick Stellingwerf tydlik boargemaster Skiermûntseach

10 aug 2015 - 17:58

Dick Stellingwerf is beneamd as waarnimmend boargemaster op Skiermûntseach. Dat hat kommissaris fan de Kening John Jorritsma bekend makke. Stellingwerf is de opfolger fan Sjon Stellinga. Dy lei ferline wike syn funksje del fanwege ûnrêst oer in relaasje mei in folle jongere amtner fan de gemeente.

Stellingwerf is gjin ûnbekende yn Fryslân. Hy wie earder boargemaster fan de gemeente Lemsterlân. Dy gemeente fusearre yn 2014 mei Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân ta de gemeente De Fryske Marren. Stellingwerf is lid fan de ChristenUnie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)