Stroomkabels boatsjes Prinsetún Ljouwert stellen

10 aug 2015 - 15:14

Fan trije boatsjes yn de Prinsetún yn Ljouwert binne yn de nacht fan snein op moandei de stroomkabels trochknipt en stellen. It is neffens havenmaster Sietse Zeemans de earste kear dat soks gebeurt. It is him net dúdlik oft it om fandalisme giet of dat der koperdieven dwaande west ha.

Hy wol mei de gemeente Ljouwert om tafel om te sjen wat se tsjin dizze foarm fan dieverij dwaan kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)