Natuer Skylge hat bot te lijen fan Europeeske regels

10 aug 2015 - 14:55

De natuer op Skylge hat bot te lijen fan Europeeske regels. It giet benammen om it jachtferbod op kninen. Dy meie net mear oeral bejage wurde omdat oars de fûgels op it Waad fersteurd wurde. It gefolch is no dat de guozzen en kninen de polders en de seediken oantaaste. CDA-Europarlemintariër Annie Schreijer Pierik fynt it ûnakseptabel.

Kommende wike giet se nei it eilân ta om te sjen wat de gefolgen krekt binne. Neffens har is goed wyldbehear essinsjeel foar it behâld fan it ferskaat oan lânskippen en de bedrige bisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)