Utstel wedstriid soarget foar fitte seleksje SC Hearrenfean

10 aug 2015 - 14:18

De fjouwer dagen útstel dy't SC Hearrenfean krige nei it net trochgean fan de wedstryd ôfrûne freed, hat de fuotbalklup goed dien. Dat seit trainer Dwight Lodeweges. Hy kin in sa goed as fitte seleksje tiisdei it fjild opstjoere. Sa is de blessearre Jerry St. Juste wer fit, en dat jildt ek foar Sam Larsson en Pele van Anholt.

De nije oanwinst fan SC Hearrenfean, Mitchell te Vrede, stiet yn de basis foar de wedstryd tsjin De Graafschap moarn.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)