Ynspekteurs Wetterskip drok mei kontrôle blau-alch

10 aug 2015 - 12:19

Wetterskip Fryslân is drok dwaande mei it kontrolearjen fan it Fryske swimwetter op blau-alch. Twa ynspekteurs fan it Wetterskip nimme op in fêst oantal plakken, dêr't in soad swommen wurdt, meunsters. Dizze wurde analysearre yn in spesjaal laboratoarium fan it Wetterskip. Neidat de meunsters op kweek setten binne komme meastentiids nei twa dagen de earste resultaten binnen.

Dat kin net flugger. Pas as it wetter op kweek setten is kinne de saakkundigen der efterkomme oft der baktearjes of blau-alch yn it wetter sit.

De provinsje Fryslân bliuwt ferantwurdlik foar it ôfjaan fan in warskôging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)