It wykein gjin treinen tusken Ljouwert en Bûtenpost

10 aug 2015 - 12:05

Fanwege wurksumheden oan it spoar ride der kommende sneon en snein gjin treinen tusken Ljouwert en Bûtenpost. Ferfierder Arriva set bussen yn. Dêrtroch kin de reis oant trije kertier langer duorje. Tusken Bûtenpost en Grins ride noch wol stoptreinen. De bussen yn Ljouwert sette fan de treinstasjons ôf.

Allinnich yn De Westereen hawwe de bussen in halte oan de trochgeande dyk. Der is noch wol ien neidiel foar de reizgers mei in fyts: dy kin net mei yn de bus.

Trefwurden: 
Arriva treinen wurksumheden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)