Feriene Lofts makket him soargen oer takomst ynrinhûs GGZ

10 aug 2015 - 11:41

De riedsfraksje fan Feriene Lofts yn Ljouwert makket him soargen oer de takomst fan it ynrinhûs fan GGZ Fryslân oan it Grut Skavernek yn de stêd. Neffens de fraksje wurdt it ynrinhûs yn syn bestean bedrige en soe de hieroerienkomst foar it gebou al opsein wêze. De fraksje wol no fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte wat de gemeente mei it ynrinhûs wol.

Neffens de fraksje soe it sluten fan de foarsjenning grutte gefolgen ha foar de kwetsbere groep dy't der gebrûk fan makket.

De finansiering fan it ynrinhûs is fan 1 jannewaris oergien fan it Ryk nei de gemeente. Dy wol besunigje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)