Kollum: "Sander syn dashcam"

10 aug 2015 - 09:01

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Yn de simmer ha wy in pear gast-kollumnisten. Ien fan harren is skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum. Hy publisearre oant no ta fjouwer romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012) en Bedoarne hannel (2014). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan SC Hearrenfean.

"It each foel my op in opmerklike oprop fan de plysje. In oprop dy't ik noch net earder sjoen of heard hie yn Nederlân, mar it sil grif net de earste kear west ha. En, frjemd miskien, mar ik moast daliks oan Sander de Rouwe tinke. Dat er miskien wolris spyt hat dat er no hjir wurket, en net mear yn Den Haach.

Op de A7 tusken De Jouwer en It Hearrenfean barde lêstendeis in slim ûngemak. Der wie sels in deade te betreurjen. In kop-sturt botsing op it drokste stikje autodyk fan Fryslân soarge foar gaos en in lange file. Yn de rânestêd bart dat hast alle dagen wol in kear as wat, hjir bliuwe wy der lokkich meastal frij fan.

Ik wit net oft jim wolris op Youtube sjogge. Eartiids begûn as muzykstjoerder en freeslik populêr. Njonken dy muzyk binne der allerhanne oare nuveraardige saken op Youtube te finen. Wolle jo bygelyks witte hoe't jo mobile telefoan wurket, kinne jo dat dêr besjen. Shopblogs fan dy't minsken fertelle dat se in nije blender of jurk kocht ha en dat dy fansels fan tige goede kwaliteit binne. Of hoe't in nije gitaar út de doaze komt en dêrnei foar de earste kear bespile wurdt troch minsken dy't dêr in saneamde review fan meitsje. Dêr wurde filmkes fan makke en dy kinne jo dêr besjen. Echt wier, jo kinne it sa gek net betinke of it stiet op Youtube.

Ien fan myn favorite sjenres is werom te finen ûnder it kopke 'Driving in Russia'. Autoride yn Ruslân. Dan komme der in rige filmkes foar it ljocht dêr't je de gewoane, deistige gong fan saken yn it Russyske ferkear besjen kinne. En ik kin jo melde dat dat krekt wat oars om en ta giet as hjir yn it folslein troch regels ticht timmere Nederlân. Dêr yn Ruslân komt noch wolris in ko op de efterbank fan in frachtweintsje foarby. Dat dy frachtwein mar trije tsjillen hat en op it plak dêr't yn prinsipe dat fjirde tsjil sitte moast in rein fan fonken te sjen is, omdat it izer fan de trommelremmen oer it asfalt skjirret, dat is mar in lyts detail. Je sjogge de moaiste wizen fan ferfier. In auto dy't net te sjen is omdat it mear op in heaberch liket, in frachtwein dy't efterút rydt, in trekkerke dat mei 10 kilometer yn it oere op de sneldyk gewoan syn plak opeasket. It is in pracht.

Der komt sa no en dan in stomdronken Rus yn foar, meastal manlju, mar ek froulju spuie der dêr net yn, dy't gewoan oerstekke, wylst se in bernewein mar harren besittings foar harren út triuwe en yn de oare hân in flesse drank ha, dy't se, by foarkar midden op de dyk, oan de hals sette. De foarby ridende automobilisten skelle harren dan út, mar se binne sa yn de lorem dat se der gjin benul fan ha.
Ek der wurde gâns auto's yn de prak jage yn Ruslân. Al as net ûnder ynfloed fan drank kletst de sjauffeur mei de iene auto op de oare, of bedarret yn in sleat njonken de dyk. Der giet in soad mis yn it Russyske ferkear

En dat alles is allegearre te sjen. Hoe't dat kin? No, Ruslân is nochal korrupt. En as jo in ûngemak krije, is it handich om te soargjen dat jo byldmateriaal ha. Je kinne ien en oar dan ôfkeapje as jo it yngreven oanpakke. It is dêr dus hiel gewoan dat je in saneamde dashcam ha. In kamera op it dashboerd fan jo auto, dy't al jo eskapades en ek dy fan de oare weibrûkers fêstleit. Dus as der wat bart, kinne jo yn de rjochtseal sjen litte dat it jo skuld al as net is, mocht it ta in rjochtsaak komme. Dashkamera's hjir yn Nederlân like my noch in ûnbekend fenomeen, mar blykber binne der al guon minsken dy't sa'n ding yn de auto ha. By it slimme ûngemak op de A7 hope de plysje op bylden fan dashkamera's, sadat se in better byld krije koenen fan wat der krekt barde by dat nare ûngelok. Ik begryp no dat der gjin bylden oanlevere binne, doe moast ik dus oan ús deputearre tinke. We steane oan de foarjûn fan in nij ferplichte ûnderdiel yn eltse auto, dat mist my net. Oer in jier as tsien is der grif in politikus dy't yn de skiednisboeken komt trochdat hy of sy in wetsfoarstel yntsjinne hat om de dashcam ferplichte te stellen. It is dat Sander de Rouwe hjir no deputearre is, oars hie it krekt wat foar him west."

Folgje Ferdinand de Jong op Twitter. Moarn wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)