Partoeren foar keats-off frouljus PC bekend

09 aug 2015 - 17:55

De fjouwer partoeren dy't yn de keats-off stride sille om it lêste ticket foar de frouljus PC op 19 augustus yn Weidum binne bekend. Oan de keats-off fan tongersdei 13 augustus yn Akkrum docht it partoer fan Tineke Dijkstra, Esther Wagenaar en Annelien Broersma mei. It twadde partoer is dat fan Michelle Bruinsma, Riska Bouma en Idske Zijlstra.

It tredde partoer bestiet út Hendrika van der Schoot, Melissa Rianne Hiemstra en Mirjam Beeksma. Ta beslút komme ek Nelie Steenstra, Marie-Jetske Lettinga en Anouk Tolsma yn aksje by de keats-off

Trefwurden: 
keatsen frouljus PC keats-off
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)