Open Stal lûkt 8500 minsken nei Aldeberkeap

09 aug 2015 - 15:59

De 44e edysje fan keunstmanifestaasje Open Stal hat dizze simmer sa'n 8500 keunstleafhawwers nei Aldeberkeap lutsen. Open Stal is in keunstrûte troch it Stellingwerver doarp, wêrby't keunst te sjen is yn wenten, winkels, garaazjes, tunen, bosk, tsjerke en skoalle. Dit jier lutsen de papieren keunstwurken fan Peter Gentenaar yn tsjerke in soad belangstelling. Itselde jildt foar de objekten fan Derek Scholte, makke fan âld materiaal.

Mei 8500 besikers luts Open Stal dit jier ûngefear likefolle folk as oars.

It tema foar de kommende edysje fan Open Stal is: And now for something completely different.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)