Topdrokte foar de weetboeren

09 aug 2015 - 15:32

Topdrokte dit wykein foar weetboeren en hannelers. It waar is goed, en dat betsjut dat fan moarns ier en betiid oant jûns let trochwurke wurdt om it nôt fan it lân te krijen. Ynearsten like de risping let op gong te kommen troch de kâlde en minne maitiid. Mar dat falt no ta. Ek by nôthanneler Pars is it oanpoatsjen.

De priis fan de weet is leger as ferwachte. It like moai, mar no sakket de priis wer fanwege de goeie risping. Bouboer Vogels slacht syn risping foar in grut part op by Pars en hopet op bettere prizen letter dit jier.

De kwaliteit fan de weet is dit jier goed.

Trefwurden: 
hannel weet nôt bouboer weetboer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)