Webside oer opromjen ravaazje Alphen a/d Rijn

08 aug 2015 - 13:17

De trije bedriuwen dy't belutsen binne by de mislearre ynstallaasje fan de brêge yn Alphen aan den Rijn, wêrûnder BSB Staalbouw yn Burgum, hawwe in webside iepene. Op www.hersteljulianabrug.nl kinne minsken meikoarten ynformaasje fine oer it opromjen fan de ravaazje, nei't ôfrûne wike de brêge en twa grutte kranen omfoelen en op hûzen en winkels telâne kamen.

It wurk sil moannenlang duorje en sil foar in soad oerlêst soargje. Strjitten wurde ôfsletten, der komme swiere masines en der sil lûdsoerlêst wêze, sa warskôgje de bedriuwen.

Mei de webside wolle de bedriuwen, neist BSB binne dat Mourik Groot-Ammers en Peinemann Holding, begryp kweke foar dizze oerlêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)