Boalserter frou slacht plakgenoate mei kneppel op 'e holle

08 aug 2015 - 10:55

De plysje hat freedtenacht in frou fan 32 út Boalsert oanhâlden op fertinking fan mishanneling. Se hie spul krigen mei in 30-jierrige froulike plakgenoat. De reden is net dúdlik. De oanhâlden frou soe op in stuit de oar in klap op de holle jûn ha mei in honkbalkneppel. It slachtoffer hie ferwûnings oan 'e holle. De fertochte is ynsletten.

Trefwurden: 
plysje Boalsert mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)