Marrit Steenbergen swimt nei finale mei estafetteploech

08 aug 2015 - 10:35

Marrit Steenbergen hat har op it WK mei de Nederlânske mingde estafetteploech pleatst foar de finale fan de 4x100 meter frije slach yn it Russyske Kazan. It team mei dêryn ek Sebastiaan Verschuren, Kyle Stolk en Femke Heemskerk wie mei 3.26,91 de fiifde fan it fjild. Amearika wie it rapst. De finale wurdt sneontejûn swommen. De kâns is grut dat Steenbergen yn de finale ferfongen wurdt troch Ranomi Kromowidjojo.

Earder al wûn it 15-jierrige talint út Easterwâlde sulver op it WK by de frouljusestafette.

Trefwurden: 
WK swimmen Marrit Steenbergen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)