Jonges oanhâlden foar misledigjen plysje Ljouwert

08 aug 2015 - 08:13

Twa jonges binne freedtenacht op it Ruterskertier yn Ljouwert oppakt foar it misledigjen fan de plysje. Nei in jûn stappen, begûnen de jonges de plysje út te skellen en te misledigjen. Nei meardere warskôgings binne beide oanhâlden. It twatal fan 18 en 19 jier is troch de plysje meinaam foar fierder ferhoar.

Twa oare jonges fan 19 jier bemuoiden harren mei de oanhâlding. Na meardere warskôgings binne se op de bon slingere foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)