Grut ûnderhâld oan sneldiken yn Fryslân

07 aug 2015 - 14:59

Rykswettersteat fiert yn augustus en septimber grutskalich ûnderhâld út oan ferskillende rykswegen yn Fryslân. It giet ûnder oaren om de A6, A7 en A32. Dêrby wurdt foaral oan it asfalt wurke.

Gefolch is dat parten fan dizze sneldiken sa no en dan ôfsletten wurde foar it ferkear. Rykswettersteat advisearret om de webside vanAnaarBeter.nl yn 'e gaten te hâlden foar aktuele ferkearsynformaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)