Rjochtsaak silo-ûngelok Makkingea yn Almelo: advokaat lulk

07 aug 2015 - 14:55

Advokaat Tjalling van der Goot út Ljouwert is lulk oer it feit de behanneling fan de rjochtsaak fan it deadlik ûngelok mei de dongsilo yn Makkingea yn Almelo plakfynt. By it ûngelok kamen trije minsken om yn de silo, in fjirde rekke swierferwûne. Alle belutsenen komme út Fryslân. Dat sy mei syn allen nei Almelo ôfreizgje moatte, fynt Van der Goot kwalik.

Boppedat is der in taalbarriêre, want de fertochte yn de saak is Frysktalich en wol him ek yn dy taal uterje.

Hy hat yn de rjochtbank fan Almelo allinnich rjocht op in tolk as hy de Nederlânske taal net goed genôch praat. En dat is hjir net it gefal.

Van der Goot hat yntusken in fersyk yntsjinne om de saak te ferpleatsen nei in rjochtbank yn Noard-Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)