Ljouwerter triuwt en slacht swalker

07 aug 2015 - 10:30

In 49-jierrige Ljouwerter is oanhâlden nei't hy tongersdeitejûn op it Hoeksterpaad in swalker mishannele hie. De Ljouwerter joech de man earst in triuw, smiet syn iten fuort en sloech him yn it gesicht.

In foarbygonger bekroade him oer it slachtoffer en belle de plysje. Mei help fan it sinjalemint koe de plysje de Ljouwerter oanhâlde. It is noch net bekend wêrom't de man de swalker oanfoel.

Trefwurden: 
Ljouwert mishanneling swalker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)