Kollum: "De stikeme broadsje-iters"

07 aug 2015 - 09:49

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert.

"Ek as it noch gjin simmer is, sit ik geregeld op it strân. It is der frank en frij en as der wyn is, kin je je gedachten lekker fuortwaaie litte. En der is noch eat wat de wyn foar elkoar krije kin.

Dy soarget der ek geregeld foar dat ik presys hearre kin wêr’t oare minsken oer prate, hielendal as je allinnich sitte. Ik fyn it hearlik om minsken dan te observearjen. De keunst is om der neat fan te finen.

Op in goeie sinnige dei siet ik yn in boekje te bledderjen doe’t ik in frouwestim achter my hearde. “Ik had toch wél kunnen kitesurfen”, sketterde de stim. “Ja, kind, inderdaad”, antwurde in oar. It wie allegear krekt wat te lûd.

Ik seach efterom en it die bliken dat it gjin jonge studintefamkes wienen, sa’t ik tocht hie, mar twa middelbere Haachske froulju mei kreaze kapsels en foarbyldige manikuurde tean- en fingerneils, je kinne it wol.

Harren maat, in middelbere man, wie drok dwaande om twa strânbêden foar de froulju troch it sân te slepen en rjocht foar my del te setten. De froulju neamden him mei in fleuchje minachting, "huisheld".

“'Wàt is dàt!!!'” sei de frou mei in enoarme sinnebril. Se wiisde mei de finger nei see. “In tweemaster”, sei Huisheld droechjes. “Jeuzzzusss, wat een onwíjze boot”, raasde Sinnebril.

Wylst Huisheld en Sinnebril noch nei de boat dikeren, sei de oare frou dy’t yn in te krappe bikiny op in handoekje lei: “Ik ben nog helemaal dáás van het vliegen joh”. Net ien lústere.

“En weet je wat kut is?”, gong se fierder. “Dat parkeren is nu echt onwíjs duur geworden op Rotterdam joh. Ik tikte zestig euro af.” Har wurden fleagen fuort mei de wyn.

Sinnebril bruts der dwerstrochhinne: “Wat was dat nou voor getuthola met Sarah?”. Ik seach Huisheld nokkerjen. Hy sei neat. It petear gong fierder. De frou op it handoekje sei: “Ik heb 6500 euro verdiend”.

No hie se de oandacht fan Sinnebril. Dy sei: “Echt kappen nou. Bij mij is zo onwijs de fucking bodem in zicht." De frou op handoek sei: "Ik ben 9 keer in Kuala Lumpur geweest." Sinnebril: "Dat is wel héél overdreven. Zo vaak ben ik nog niet eens in Amsterdam geweest. Bij wijze van.”

Huisheld nokkere wer mar hy sei noch hieltyd neat. De frou op de handoek gong fierder: "In Bangkok ben ik ook zo vaak geweest." Sinnebril: “Oh Bangkok. Dat vind ik zóóó onwijs leuk. Echt heel leuk. Nou ja, ik ben er één keer geweest.” Ik moast gnize, krekt as Huisheld mar probearre der fierder neat fan te finen.

In pear wiken letter siet ik wer by de strântinte. Hûntsjes groeven, bern bouden sânkastielen en hast eltsenien hie wat te drinken of te iten besteld. Dat heart ek sa as je by in útbater sitte, dan bestelle je wat. Hjir moat dat oan de bar.

Der kaam in steltsje fan in jier as sechtich. Se gongen midden op it terras sitten. De man wie opsichtich oan it beljen en hy hie it oer "jij moet verantwoordelijkheid nemen!". Hy wie hiel belangryk, dat seach ik echt wol. De frou van de direkteur wie oan it knoffeljen mei kessentsjes en in kleedsje. Se luts it kleedsje glêd.

Doe barde it. Ut de grutte tas fan de frou kamen earst twa glêzen en doe twa flessen. Ien mei rosee en ientsje mei wite wyn. Doe't de glêzen fol wienen, gongen de flessen hurd wer yn de tas. Doe kamen de broadsjes. Grutte broadsjes yn aluminiumfoly.

De serveaster rûn yntusken mei in blêd oer it terras. Kaam sy tichteby, dan ferstoppe direkteur gau syn broadsje yn de tas. Hy seach der skrillich by. Ik probearre der neat fan te finen, mar fûn it sa lollich, ik neamde it stel 'De Stiekeme Broodjeseters'.

Der bleaunen mar broadsjes út de tas komme. Net ien, net twa, mar trije. De direkteur bleau benepen sjen by alle happen, bang om betrape te wurden. Oant alles op wie. Doe fagen de direkteur en syn frou de krûmeltsjes yn it sân. Se seachen tefreden. Dat hienen se dochs mar moai eefkes stikem dien."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Ferdinand de Jong.

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)