Ljouwerter hâldt him net oan hoarekaferbod

07 aug 2015 - 08:52

De plysje yn Ljouwert hat tongersdei in 21-jierrige man út de stêd oanhâlden. De man wie yn oertreding om't hy yn in hoarekasaak yn de Doelsteech wie, dêr't er net komme mocht. De man naaide earst út, mar de plysje wist him te pakken te krijen.

De man hie ek noch harddrugs by him. De plysje ûndersiket de saak. De man hat in nij hoarekaferbod oplein krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)