Snitswike: tsien ton ekstra ôffal

06 aug 2015 - 18:28

De Snitswike soarget alle dagen foar tsien ton ekstra ôffal foar de gemeente Súdwest-Fryslân. It ôffal wurdt troch de gemeente benammen ophelle yn de binnenstêd fan Snits.

As moarns om fiif oere de kroegen tichtgean giet gemeentereiniging mei tolve man oan de slach om it sintrum wer skjin te meitsjen. Dat moat foar 7 oere om't dan de winkels dan wer befoarriede wurde. Neist it oprêden fan it ôffal wurde de strjitten ek skjinspuite mei in spesjaal middel dat der foar soarget dat it net langer stjonkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)