Jonge Jasper fersteviget kopposysje yn IFKS-klassemint

06 aug 2015 - 16:35

Klassemintslieder Jonge Jasper mei skipper Froukje Osinga-Meijer hat tongersdei goede saken dien troch de fyfde IFKS-wedstryd by Ychtenbrêge te winnen. Op de Tsjûkemar gong de Raerder Roek as earste oer de start, mei flak dêrachter de Jonge Jasper dy't de lieding al rap oernaam. Troch in oanfarring tusken de Raerder Roek en de Eelkje II, de nûmers 2 en 3 fan de wedstryd, kaam de oerwinning fan de Jonge Jasper net mear yn gefaar.

De Grutte Pier mei skipper Lucas Bouma kaam as twadde oer de finish, folge troch Lytse Lies fan Tony Brundel.

Troch de oerwinning fersteviget skipper Froukje Osinga-Meijer mei de Jonge Jasper har kopposysje yn it klassemint. De Emanuel, twadde yn it klassemint, hie in hiele minne start en moast hielendal achteroan begjinne. Skipper Merijn Olsthoorn einige úteinlik teloarstellend as alfde.

Teloarstelling wie der ek by skipper Michiel Kalsbeek fan de Raerder Roek, dy't nei de oanfarring mei de Eelkje II as fyfde oer de einstreek kaam. De Eelkje II einige as lêste op it 16e plak.

Sjoch foar in wiidweidich ferslach en in analyze fan de wedstriid nei it Skûtsjesjoernaal, alle dagen nei Hjoed. De folsleine útslach en it klassemint is te finen op simmerynfryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)