Into the Grave ferwachtet rekôr oantal besikers

06 aug 2015 - 16:30

Der wurdt in rekôr oantal besikers ferwachte op it Into the Grave festival yn Ljouwert. Organisator Paul van Berlo giet út fan de komst fan 7.000 minsken. It is de fyfde edysje fan it festival dat plakfynt op it Aldehoustertsjerkhôf yn it sintrum fan Ljouwert. Ferline jier binne der 5.500 besikers op Into the Grave ôfkaam.

Freed sil, foarôfgeand op Into The Grave, CityRock plakfine op it Aldehoustertsjerkhôf. Van Berlo ferwachtet dêr sa'n 2.500 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)