Oerlêst fan foksen yn Twellingea: hinnen deabiten

06 aug 2015 - 16:02

Op ferskate plakken yn Twellingea binne bewenners harren hinnen kwytrekke. Moarns wurde de deade hinnen en guozzen yn it hok fûn. De koppen wurde derôf biten. Ynwenners tinke dat it komt troch de tsientallen foksen dy't der binne yn it doarp. In pear ynwenners hawwe in foks sjoen mei in keppeltsje jongen der efteroan.

Roel Schra út Twellingea hat al mear as 30 hinnen dea yn syn hok fûn. Dêrom is jager Oane de Jong ynskeakele. Hy hat al trije foksen deasketten de ôfrûne wiken

Trefwurden: 
Foks Twellingea hinnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)