"Steuringen slûzen alvestêdefarrûte ûnakseptabel"

06 aug 2015 - 15:24

De steuringen by de slûzen yn de noardlike alvestêdefarrûte moatte gau oplost wurde. De gemeente Ferwerderadiel trunet dêr yn in brief op poaten op oan by de stjoergroep Noordelijke Elfstedenvaarroute. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders skriuwt dat de betsjinning haperet.

Dat soarget foar opûnthâld en stimulearret it brûken troch boatsjefarders ek net. Om't der troch ferskate oerheden sa'n 28 miljoen euro stutsen is yn it befarber meitsjen fan de rûte, binne dit soarte fan steuringen net te akseptearjen, sa skriuwt it kolleezje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)