Plysje jout minder boetes by Snitswike fanwege CAO-aksjes

06 aug 2015 - 12:25

De plysje skriuwt dit jier minder boetes út op de Snitswike. Fanwege de CAO-aksjes lit de plysje it no faker by in warskôging. Neffens Sibo Dam fan de wetterplysje hawwe der oant no ta gjin slimme ynsidinten plakfûn en ferrint de Snitswike nei alle tefredenheid.

Hy is benammen goed te sprekken oer de jongerein. "De oerlêst fan de feestboatgongers is oant in minimum redusearre, sadat de jongeren yn alle havens wolkom binne."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)