Ynbrekker lit dokumint achter op pleats delikt yn Winaam

06 aug 2015 - 10:30

In 38-jierrige Ljouwerter is woansdeitejûn oppakt foar in ynbraak yn Winaam. De man soe in rút fan in wenning oan de Hoarnestreek fernield hawwe en it hûs trochsocht hawwe.

By it spoare-ûndersyk kaam de plysje in dokumint tsjin dat nei de Ljouwerter laat hat. Hy sit fêst op it plysjeburo en wurdt tongersdei heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)