Koart pleit tsjin dancefestival Psy-Fi yn Griene Stjer

06 aug 2015 - 06:10

Rekreaasjegebiet de Griene Stjer by Ljouwert moat net nochris twa wiken hielendal ôfsletten wurde foar it trancefestival Psy-Fi. Ek moat de lûdsoerlêst folle mear beheind wurde. Dat easket de stifting Groene Ster Duurzaam tongersdei yn in koart pleit tsjin de gemeente Ljouwert.

It Psy-Fi festival waard ferline jier foar it earst hâlden. Doe kamen der sa'n 150 klachten oer it leven dat it festival mei 12.000 besikers makke. No wurde 15.000 besikers ferwachte.

It festival sels duorret fiif dagen, mar foar de opbou is it rekreaasjegebiet by Ljouwert folle langer ôfsletten. Groene Ster Duurzaam fynt dat Ljouwert ten koste fan de bewenners en de natuer tefolle romte jout oan Psy-Fi.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)