Opknapbeurt foar wetterhúshâlding natoergebiet Easterskar

05 aug 2015 - 21:54

In projekt fan sa'n 100.000 euro moat der foar soargje dat natoergebiet Easterskar by It Hearrenfean minder lêst hat fan de droechte. Troch de droechte wurdt de boaiem hieltyd soerder en dat giet wer te'n koste fan de bysûndere planten yn it gebiet.

It Fryske Gea sil dêrom de wetterhúshâlding yn it gebiet oanpakke. Der wurde ûnder oare petgatten oanlein, wettergongen opskjinne en heideterreinen ôfplagge. De grûn dy't dêrby frijkomt, wurdt brûkt foar it opheegjen fan in kuierrûte. Yn oktober 2016 moat it projekt klear wêze.

Neffens Richard de Ree fan it Fryske Gea is it projekt finansearre troch in stichting dy't anonym bliuwe wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)