Frijwilligers ha grutte plannen mei 't Buurthuus

05 aug 2015 - 21:53

Frijwilligers fan doarpshûs 't Buurthuus yn Noardwâlde ha grutte plannen mei de 40.000 euro dy't se fan it Oranje Fûns krigen ha. Se wolle it jild brûke foar de werynrjochting fan it doarpssintrum. 't Buurthuus sit yn in grutter gebou mei de namme It Flechtwerk.

It plan is om 't Buurthuus mear ôf te skieden fan It Flechtwerk. De haadyngang sil oan de kant fan de Haadstrjitte-East komme en wurdt sa tagonkliker. Frijwilliger Jan de Vries hopet dat 't Buurthuus nei de opknapbeurt in moetingsplak wurdt foar jong en âld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)