Favoryt Makkum wint 113e edysje Freule

05 aug 2015 - 18:26

De 113e edysje fan de Freule keatspartij is woansdei in proai wurden foar de grutte favoryt Makkum. Yn de finale wiene Jurre Rinia, Jouke Vlasbloem en Klaas Pier Folkertsma mei 5-1 en 6-2 te sterk foar Rie mei Maurice Kooistra, Robert Broeders en Roel Pieter de Jong. De partij einige mei in sitbal.

De lytse preemjes wienen foar Achlum mei Bauke-Tjalle Anema, Arjan Oevering en Sjaak Bakker en foar Tsjummearum mei Jelle Pieter van der Walt, Harm de Vries en Nick Leistra.

Trefwurden: 
Makkum Wommels keatsen Freule
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)