Favoryt Makkum tsjin Rie yn finale fan 113e Freule

05 aug 2015 - 17:17

De finale fan de 113e Freule keatspartij yn Wommels giet woansdei tusken de partoeren fan Rie mei Maurice Kooistra, Robert Broeders en Roel Pieter de Jong en favoryt Makkum mei Jurre Rinia, Jouke Vlasbloem en Klaas Pier Folkertsma.

Yn de heale finale wûn Rie fan Achlum mei Bauke-Tjalle Anema, Arjan Oevering en Sjaak Bakker. It waard 5-3 en 6-4. De oare heale finale tusken Makkum en Tsjummearum mei Jelle Pieter van der Walt, Harm de Vries en Nick Leistra wie in stik spannender. It waard 5-5 en 6-6. Harm de Vries ferstûke dêrby syn ankel.

Trefwurden: 
Makkum Wommels Rie keatsen Freule
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)