Winkeldief moat nei ynrjochting

05 aug 2015 - 17:15

De rjochtbank yn Ljouwert hat in saneamde 'veelpleger' foar twa jier nei in ynrjochting foar stelselmjittige dieders stjoerd. De man wie al meardere kearen feroardield foar winkeldieverij. Ek wie it him al in skoft ferbean om yn winkels yn Ljouwert te kommen dy't oansletten binne by it 'Collectief Winkelverbod'.

Yn maaie hat hy klean stellen út in winkel. Neffens de rjochter hawwe de eardere straffen neat úthelle en is de kâns op werhelling grut.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)