Soad animo foar hynstemerk yn Bûtenpost

05 aug 2015 - 15:22

Neist it konkoers hippyk is woansdei yn Bûtenpost ek in hynstemerk. Dy belibbet de 455ste edysje. Der binne 162 hynders en ponnys foar de hannel oanmeld.

Goed tsien jier lyn wie de animo hielendal fuort mei noch mar sa'n 15 hynders yn de hannel. Mar troch yngripen fan ûnder oare de no 83-jierrige keapman-kninefokker Ritske Hofstede giet it no wer goed mei de merk. Hy is al 55 jier foarsitter fan de hynstemerk. De kontinuïteit fan de merk is fersekere troch de ynbring fan fjouwer jongere kommisjeleden dy't yn in soad wurk dogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)