Jonge Jasper wint IFKS-wedstriid op de Sleattemer Mar

05 aug 2015 - 15:16

It skûtsje de Jonge Jasper mei skipper Froukje Osinga-Meijer hat woansdeitemiddei de fjirde wedstryd fan de IFKS by Sleat wûn. Op de Sleattemer Mar pakte de Jonge Jasper fan begjin ôf oan de lieding. Yn in streekrjocht duel wisten se skipper Merijn Olsthoorn mei it skûtsje de Emanuel foar te bliuwen. De Emanuel einige as twadde. It Doarp Eastermar mei skipper Geale Tadema kaam as tredde oer de finish.

It wie de earste oerwinning foar de Jonge Jasper, dy't no oan kop giet yn it klassemint. De Emanuel stiet op it twadde plak.

Sjoch foar in wiidweidich ferslach en in analyze fan de wedstriid nei it Skûtsjesjoernaal, alle dagen nei Hjoed. De folsleine útslach en it klassemint is te finen op simmerynfryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)