Ferwiten oer oprêden fan asbest by brân Aldwâld

05 aug 2015 - 13:15

It opromjen fan it asbest dat freedtejûn frijkaam by in skuorrebrân yn Aldwâld duorret oant en mei tongersdei. Meiwurkers fan in spesjalisearre bedriuw yn wite pakken binne woansdei begûn mei it fuortheljen fan asbest oan de Foarwei.

De bewenners fan de Foarwei fine dat it fierstente lang duorre hat foardat in bedriuw kaam om it asbest op te romjen. Boargemaster Bilker fan Kollumerlân is dat mei har iens. Neffens him is der wat misgien yn de kommunikaasje nei de brân.

Hy wiist der wol op dat it opromjen fan asbest nei in lytse brân de ferantwurdlikheid fan de bewenners en har fersekering is en net fan de gemeente. De gemeente is yn sa'n gefal allinnich de tafersjochhâlder. Bilker wol de gong fan saken nije wike kritysk evaluearje om nei te gean wêrom't it yn dit gefal fiif dagen duorre hat foardat in bedriuw kaam om it asbest fuort te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)