Baard hat wer in eigen brievebus

05 aug 2015 - 13:01

It doarp Baard hat syn brievebus werom. De bus waard ferline jier fuorthelle troch PostNL, omdat dy fûn dat der yn de omkriten genôch bussen wienen. It bedriuw hie dêrby lykwols oer de holle sjoen dat ek de brievebus yn Húns fuorthelle wie en dat dêrtroch de wetlike noarm net mear helle wurdt. Dy skriuwt foar dat minsken binnen de 2,3 kilometer nei in brievebus kinne moatte.

De bus yn Baard is tiisdei werompleatst en wurdt fan woansdei ôf wer lege.

Trefwurden: 
brievebus PostNL Baard
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)