Undersyk nei aksjereewilligens melkfeehâlders

05 aug 2015 - 12:55

De Dutch Dairymen Board wol op 7 septimber fan him hearre litte ûnder in gearkomste fan de Europeeske kommisje. De board wol meikoarten fan de melkfeehâlders witte oft sy lykas kollega's yn lannen as Frankryk en België aksje fiere wolle.

Neffens de board is it foarútsjoch foar de suvelsektor min troch in oerskot oan molke. Dêrneist litte suvelbedriuwen stekken falle troch har iensidich op eksport te rjochtsjen, wêrtroch't de Europeeske merk ynsakket.

Neffens de board moat de ôfnimmende konsumpsje yn Europa oanpakt wurde. De melkfeehâlders wurde ek hurd rekke troch de nije fosfaatregels fan de Nederlânske oerheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)