Freulekeatsen yn Wommels los

05 aug 2015 - 10:22

Yn Wommels wurdt woansdei de Freule ferkeatst. It is de wichtichste keatspartij foar jonges fan 14 oant 16 jier spile. Dit jier dogge fyftich partoeren mei. Op radio en ynternet is dêr de hiele dei omtinken foar by Omrop Fryslân en fansels ek yn Hjoed op televyzje. Op Teletekst (side 580 en fierder) steane de útslaggen.

De wedstriid waard foar it earst spile yn 1903. Clara Jacoba Freule de Vos van Steenwijk fûn keatsen sûn foar jonges. Se stelde yn 1902 in flink bedrach beskikber foar in jierlikse jongeskeatspartij yn Wommels.

Op dizze 'superwoansdei' is der ek noch omtinken foar de Hurdsyldei yn de Snitswike en it konkoers hippyk yn Bûtenpost.

klik hjir foar alle útslaggen fan de Freule 2015.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)