Wetterskip docht grut ûndersyk nei fiskstân yn Fryslân

04 aug 2015 - 20:35

Wetterskip Fryslân docht de kommende moannen ûndersyk nei de fiskstân yn ús provinsje. Fiskers sille op ferskate plakken besjen hokker fisken der yn it Fryske wetter sitte. Oan de hân dêrfan kin it Wetterskip bepale hoe skjin en sûn it wetter eins is.

It fiskûndersyk wurdt om de trije jier hâlden. By foarige ûndersiken die bliken dat de fiskstân eins al jierren lang stabyl is.

Om't der de lêste jierren in oantal maatregels naam binne dy't de wetterkwaliteit ferbetere hawwe, hopet it wetterskip dat der diskear mear soarten oantroffen wurde.

Trefwurden: 
fisk fiskstân wetterskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)