Unrêst hynstewrâld troch firus

03 mrt 2012 - 16:46

Fryske hynstesportferienings ha dit wykein massaal har wedstriden skrast yn ferbân mei it rhinofirus. Dat firus is op trije plakken yn de buert fan Nijmegen oantroffen. By besmetting kinne hynders in foarm fan gryp krije. Yn it slimste gefal liedt it ta ferlammingsferskynsels mei de dea ta gefolch.

It hynstebûn KNHS advisearre om alle wedstriden ôf te sizzen om sa ûnnedich ferfier fan de bisten foar te kommen.

Yn Bakkefean gong in wedstriid foar eigen ruters wol troch, it bestjoer fûn de kâns op besmetting lyts omdat alle hynders út de buert kamen. Ek takom wike is it advys om gjin wedstriden te organisearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)