Rydbewiis Raerder ynnommen
In 44-jierrige automobilist út Raerd hat freedtenacht syn rydbewiis ynleverje moatten by de plysje. Dy betrape him op de sneldyk by It Hearrenfean op te hurd riden.
De man hie 190 op de teller stean, wylst er mar 120 mocht. De man moast wol earst achterfolge wurde foardat er oanhâlden wurde koe.