Oaljefersmoarging yn Harns

04 aug 2015 - 14:14

It wetter oan de Nije Fiskershaven by Harns is fersmoarge mei oalje. Rykswettersteat hat dêrom grutte skermen om de oaljeflek hinne pleatst. Sa wurdt fierdere fersprieding foarkommen. Rykswettersteat ferwachtet dat de fersmoarging yn de rin fan de middei wer opromme is.

Hoe't de oalje yn it wetter kaam is, is net bekend. It opromjen hat gjin gefolgen foar it oare farferkear, meldt Rykswettersteat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)