SC Hearrenfean iepenet it seizoen net

04 aug 2015 - 12:16

De fuotbalwedstriid SC Hearrenfean tsjin de Graafschap giet freed net troch. Dat hat boargemaster Van der Zwan tiisdei besletten. Ek de wedstriid PEC Zwolle-SC Cambuur is yntusken troch de boargemaster fan Zwolle ferbean.

De wedstriden geane net troch fanwege de oankundige plysjestaking by beide wedstriden. De fuotbalwedstriid tusken SC Hearrenfean en De Graafschap hie de earste wedstriid fan it nije earedivyzjeseizoen wêze sillen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)