Sylskoalle pleatst ferkearsboerd by Nes

04 aug 2015 - 11:33

Sylskoalle Pean yn Nes hat in ferkearsboerd by it wetter pleatst om boatsjeminsken derop te attindearjen dat se stadiger farre moatte. It boerd stiet op it punt dêr't de Wide Ie oergiet yn de Greft.

De sylskoalle fernimt dat net eltsenien wit dat bern op dat stik wetter les krije. Dat kin gefaarlike sitewaasjes opsmite. Ek soargje hurdfarders foar hege golven, wêrtroch de sylboaten oan de kant tsjinmekoar botse en sa skansearre reitsje. It boerd bestiet út in reade trijehoeke mei dêrop in bern yn in optimist.

Trefwurden: 
Nes Sylskoalle Pean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)