Kollum: "Pang"

04 aug 2015 - 10:29

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Fryslân Fan 'e moarn-presintator Jacob Stelwagen hat dizze wiken fakânsje, mar lit mei in kollum dochs fan him hearre!

"Pang

Guon kollums skriuwe harren sels. Of better... Guon nijsberjochten binne sa idioat, dat je it as kollumnist net sels sa betinke kinne. Ik wie fan't wykein mei de auto ûnderweis nei hûs en de radio stie oan. Ik hearde in berjocht en ik tink dat jim it ek wol heard hawwe, mar ik sil dochs besykje om it gear te fetsjen. En ik sil besykje dêr net by te laitsjen. It Nederlânske leger is hast troch de kûgels hinne en dêrom geane in soad sjitoefenings net troch. Dat is sneu, mar dat kin noch. Doe kaam it. By de oefenings dy't wol trochgeane, moatte de militêren sels “pang-pang-pang” roppe.

Hielendal yn de war en slap fan laitsjen haw ik earst de auto mar oan de kant fan de dyk setten. It is gjin ien april? Nee. Dit wie it NOS Journaal? Ja. Foar de wissichheid frege ik myn passazjier of ik it wol goed heard hie. Ja. Sei dy nijslêzer dat echt? Nederlânske militêren moatte by oefenings “pang-pang-pang” roppe? Ja. Efkes serieus, dat hat er net echt sein. Jawol.

Dochs hie ik it gefoel, dat mei dat berjocht net it hiele ferhaal ferteld wie. Want wat bart der as de iene militêr “pang-pang-pang” roppen hat? Is der dan in oare militêr by dy't lûd razend op de grûn falt en hiel lûd “au” ropt? Of sit der krekt as eartiids op en om it skoalplein ien sa'n hufterke tusken, dat nea rekke wurdt? Dat mar trochdraven bliuwt wylst je der wis fan binne dat it gewoan in goeie “pang” wie en dat er al lang dea wêze moat? Do bist rekke! Net wier! Wol wier! No, sa fyn ik der neat mear oan. Ik gean nei hûs. Ja, minsken, ik wit it... Dêr winne wy in echte oarloch werskynlik net mei.

Mar it is dus echt wier. Folwoeksen manlju drave oer in oefenterrein earne op de Veluwe of sa en dogge dingen dêr't je yn myn tiid by de keuring sûnder fierdere fragen in S5 foar krigen hiene. Foar de jongere harkers... S5 is net de nijste smartphone fan Samsung. S5 wie in klassifikaasje foar minsken dy't mentaal sa ynstabyl wiene, dat it leger se net hawwe woe. Populêr sein: in gek. Eartiids moast eltse jongkeardel fan 18 jier, ik ek, troch it leger keurd wurde. Militêre tsjinstplicht bestie doe noch en leau my... Sy koene doe eltsenien brûke, want sels ik bin goedkard. Dêrnei hoechde ik net op te kommen fanwege myn stúdzje. En doe't ik klear wie mei omstippen, wie de tsjinstplicht al ôfskaft. Dat wie foar eltsenien de bêste útkomst trouwens. As it lân tinkt my nedich te hawwen, dan kinne wy it alderbêste fuortendalik mar in kapitulaasje-oerienkomst op de post dwaan.

Ik hie heus wol yn it leger wollen hear, mar allinnich as generaal. Dy stumper mei ien of twa stjerren snapte my net by de keuring, ik him ek net en dat wie ek net goedkommen. “Heeft u last van nagelbijten?” frege er. No nee, as hy efkes op syn neilen kôgje woe, dan soe ik dêr net moeilik oer dwaan. Dat bedoelde er net. Of ik der lêst fan hie. O, sa. No koe er dat sels wol sjen, dus ik fûn it in domme fraach en it antwurd dreech. Want ja, ik biet der wolris op, mar nee, ik hie dêr fierder gjin lest fan. Dêr kamen wy beide net fuortendalik út. Jim moatte bliid wêze dat de Russen net kommen binne yn dy tiid. Ik hie trouwens ek net witten wat “pang-pang-pang” yn it Russysk is.

Datsoart gedachten hie ik dus, dêr yn myn auto oan de kant fan de dyk. Ik soe op hûs oan en sei dêrom soks as “brrrroemmm”. Net thús besykje hear, it sjocht der dom út, mar dit is in kollum en dan wurket it wol. Dus ik gie “brrrroemmmm” oer Ljouwert en Marsum rjochting Bitgum. By Marsum gie ik fol yn de ankers. Piipjende bannen. Nee, dat lûd doch ik net nei, dêr moat ik earst noch op oefenje. Der draafde in man mei in helm op oer de dyk, de earms fier út elkoar. Ik liet him tichterby komme en draaide doe it rútsje iepen. Hy hie ien of twa stjerren. Ah, ien fan de fleanbasis tocht ik. “S5?” frege ik. Hy wie suver misledige: “Ik bin net gek! Ik bin in JSF!” Wat sille se yn Marsum aanst lekker sliepe."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)