Mear dielnimmers oan massastart yn wrâldbekerwedstriden

04 aug 2015 - 09:45

Der meie dit seizoen mear reedriders út itselde lân meidwaan oan it ûnderdiel massastart yn de wrâldbekerwedstriden. No dogge der út alle lannen twa riders mei, dat wurde der trije.

Wol is it sa dat der twa divyzjes komme foar dit ûnderdiel: A en B. De tredde dielnimmer mei starte yn de B-divyzje. De massastart stiet kommend seizoen fiif kear op it programma yn de wrâldbeker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)