Man omkaam by slim ûngelok Steggerda

04 aug 2015 - 09:39

In 67-jierrige man út Weststellingwerf is tiisdeitemoarn omkaam by in ûngelok op de Overburen yn Steggerda. Hy wie mei syn auto yn in greppel telâne kaam.

De helptsjinsten wienen manmachtich útrukt, mar koenen de man net mear rêde. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net dúdlik. Mooglik dat it slachtoffer net goed wurden is, sa meldde de plysje.

Trefwurden: 
ûngelok deade Steggerda
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)