Fierljeppers litte yn Burgum noch gjin topfoarm foar FK sjen

03 aug 2015 - 22:56

De ljepperij yn Burgum levere yn 'e topklasse gjin topsprongen op. It waard in bruorrestriid tusken Oane en Ysbrand Galama. Ysbrand pakte ferrassend syn earste titel fan it seizoen. Hy sprong in ôfstân fan 19.80. Oane Galama waard twadde mei 19.48, foar Age Hulder mei 19.16. Opfallend wie ek dat Bart en Thomas Helmholt op harren thúsbarte net iens de finale hellen.

By de froulju gie de titel nei Klaske Nauta. Sy ljepte 15.75. By de junioren wie grutte favoryt Sytse Bokma fierwei de sterkste: hy sprong 18.93.

By de jonges gie de winst ferrassend nei Jarich Wijnstra út Tsjom mei in nij pr fan 17.66. Maureen Poiesz wûn by de famkes mei 14.14. Sneon 8 augustus binne de Fryske kampioenskippen yn Winsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)